hiemsidelinks  
   
ferslaggen  
Hjir fine jo ferslaggen fan ús aktiviteiten.


Nacht fan de Nacht: kuijertocht yn en om Blauhûs
Sneon 27 oktober 2007

De tradysjonele jierlikse kulturele kuijertocht fan de Stifting Gerben Rypma wie troch it warbere bistjûr foar sneon 27 okotober op de kalinder pleatst. Miskien wie it pûr tafal, mar dyselde datum wie troch de Provinciale Milieufederaties útkard om de oerhearsking, faeks wol de terreur, fan it Ljocht oan de oarder to stellen yn de 'Nacht van de Nacht'. Dizze nacht ommers moasten wy de klok wer in ûre tobek sette, de wintertiid wie oan bar en dat leveret dan ienris yn it jier in langere nacht op.

Lês hjir it ferslach hielendal.


Nijsgjirrige 'bikentenissen' fan in etser yn kafé 'de Kot'
Freed 23 febrewaris 2007

It warbere bistjûr fan de Gerben Rypma Stifting wie der yn slagge om freed-to-joun 23 febr. k.l. kunstner Reinder Homan foar it buordsje to krijen mei in foardracht oer syn tûke fan 'sport', it etsen. Dat barren foun plak yn it forneamde kafé 'de Kot' yn Wetshim. Dêr wie, die bliken, aerdich flecht op'e koai. Gau siet it smûke keamerkafé - of moat' jo sizze kafékeamer - groatfol. By de doar stie dan ek in boerd mei de tekst 'útforkocht'!

Lês hjir it ferslach hielendal.

 

   
© 2012
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl