hiemsidelinks  
   
ferslaggen  
Hjir fine jo ferslaggen fan ús aktiviteiten.


Reve Rêve Greonterp
Snein 13 desimber 2009
Sneintemiddei 13 desimber. In gastfrije ûntfangst yn de pastorij foar de meiwurkers. Trije oere, in grôtfolle tsjerke. Alle 425 sitplakken beset, ekstra stuollen yn de sydbeuken. De buorren fol auto’s.
De iepening fan pastoar van Ulden twingt respekt ôf.
Dan binne der gedichten, foardrachten, lieten, in ynterview, humor, alle talen wurde sprutsen, Frysk Nederlânsk Tukkers Latyn,
it haadalter fraai ferljochte, jong talint sjongt en dûnset. Herman Finkers en Gerrit Breteler sjonge in duet. Applaus.
Hast fiif oere, it is alwer foarby. Hester tanket alle meiwurkers en dielt Vitus kearsen út.
Dan nei de Freonskip, hjir is sigeuner – muzyk en kinne we noflik romsitte.

Mei ‘Reve Rêve Greonterp’ betochten we de jierdei fan folksskriuwer Gerard Reve (1923-2006) dy’t ‘syn moaiste jierren yn Greonterp wenne’ en op dizze wize wer efkes werom kaam.

De organisaasje; Hester Witteveen, Gerrit Breteler en út namme fan de Gerben Rypma Stifting Hille Faber en Sicco Rypma

Hjirby enkele links nei ferslaggen, in filmke en foto's.

- Ferslach troch Jan Piter Dijkstra fan Warkum
- Programma snein 13 desimber
- Foto's 13 desimber
- Filmke:


- Foto Ljouwerter Krante
- Reaksje op RKK
- Resinsje Friesch Dagblad
- Artikel Boalserter Krante foarside en ferfolch


Ferslach Kultureel Kuijertocht

Sneon 3 october 2009
De Kot, Westhim, it moaiste, smûkste keamerkafé fan ús provinsje AD 1904. Hjir skowe sneon 3 october fan likernôch healwei ienen ôf de earste dielnimmers oan de kulturele kuijertocht fan de warbere Gerben Rypma Stifting troch de doar...

Lês hjir it ferslach hielendal.


Ynterview oer Gerben Rypma
Snein 18 jannewaris 2009
Ynterview oer Gerben Rypma yn it Omrop Fryslân programma Buro de Vries, snein 18 jannewaris 2009.


Ferslach Midsimmerjoun 2009
Freed 26 juny 2009
Al wer in pear dagen nei 't it sinneljocht dit jier op syn langst oer ús gea skynde, klonken op it kampke lân njonken it Hop mei it lytse smûke tsjerkje fan Sânfurd op 'e eftergroun sêft mar dúdlik de klanken fan sigeunerorkest Zingari. Dizze tûke formaesje wie ynhierd om de muzikale kant fan de Midsimmerjoun, -nacht, hwant der roun it op út, stal to jaen...

Lês hjir it ferslach hielendal.


De Doarmers - Frijgesel, live yn Noardewyn
24 juny 2009
The Doarmers spylje 'Frijgesel' live yn Noardewyn.
Muzyk: The Doarmers
Tekst: Gerben Rypma




Jûn mei Bartle Laverman
Freed 29 febrewaris 2009
It kafee 'de Kot' yn Westhim, deunby Blauhûs, is sa ienris yn it jier, (diskear 29 febrewaris) it 'húske fan hâld-oan' foar it bistjûr en de stipers fan de Gerben Rypma Stifting. Foar hwa't net hielendal mei de Stifting op 'e hichte is: it doel is om libben en wurk fan de dichter/skilder Gerben Rypma, silger, yn oantinken to hâlden en dêr sa no en dan publisiteit oan to jaen. It niisneamde kafee is it plak dêr 't de tradisjonele winterlêzing fan it selskip hâlden wurdt...

Lês hjir it ferslach hielendal.



 

   
© 2012
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl