hiemside  
   
ferslaggen  
Hjir fine jo ferslaggen fan ús aktiviteiten.


Nacht fan de Nacht
Sneon 29 oktober 2011


Der kamen hiel ferskillende reaksjes op de fotopresintaasje fan de fjouwer eleminten 'fjoer, wetter, ierde en lucht' yn de kom fan Blauhûs mei 'de Nacht fan de Nacht'.
By it Teatskehûs dienen guon nijsgjirrige bewenners de Frânske balkondoaren iepen. It langsfytsend publyk ropte 'moai' en 'hé moast ris sjen' oant 'wat hat dat foar sin' of 'wolle jimme der popcorn by?'. Al mei al in goed slagge aktiviteit, wurdt ferfolge!

Klik hjir foar mear foto's.


Kulturele Kuiertocht
Sneon 15 oktober 2011

Sneon 15 oktober azemet it gea fan Gerben Rypma, silger, de dichter, skilder, koumelker út 'e Sanfurterryp, de dampige swietrook fan in oeribel moaie hjerstdei. De flaggen oan de gevel fan kafee 'de Freonskip' yn Blauhûs litte mar kwalik sjen út hokfoar hoeke de wyn waeit...
Lês hjir it ferslach hielendal.

Filmke Kuiertocht (opnames Jan Reus).



Flaemsk-Fryske midsimmerjoun yn Sânfurd
Sneon 8 juny 2011

“Sneon 18 juny, in stevige wyn jage wylde wolkenloften oer it Sanfurter hop. In bytsje ûnlijich. Harkjend nei dy rûziche wynpûsters  sieten de lju yn it smûke tsjerkje fan Sânfurd to wachtsjen op de dingen dy ’t komme soenen. Yn it ramt fan de nou al hast tradysjoneel to neamen Midsimmerjoun hie de organisaesje, de Gerben Rypma Stifting, it tsjerkje ôfhierd om in tal pommeranten út de wrâld fan de literatuer en de muzyk oer it fuotljocht to heljen.

Lês hjir it ferslach hielendal.
Klik hjir foar mear foto's.


Nijsgjirrige forhalen fan in skûtsjeskipper
Freed 25 febrewaris 2011

“Wichtich fyn ik it om de kennis oer it skippersbistean fan ear-tiids to biwarjen. Dat bisykje ik to dwaen troch itjinge ik fan myn heit leard ha troch to jaen oan de folgjende generaesje”. Dat wie ta bislút wol de kearn fan de lêzing fan Johannes Hobma, leat út it skipperslaech Hobma, to witten pake Folkert...

Lês hjir it ferslach hielendal.


Gerben Rypma Stifting daget jong talint út
Snein 30 jannewari 2011

Snein 30 jannewaris wie it drok yn it Atrium fan it Teatskehús fan Blauhûs. Jong en âld koene genietsjen fan jong talint út eigen omjouwing.
In dik oere lang wie der in ôfwikseljend program fan toaniel, sang, dûns en muzyk.

De Gerben Rypma Stifting siket it mei kulturele aktiviteiten altyd ticht by hûs en rjochte him dit kear spesjaal op de pleatslike talintfolle jongerein.

It Krieltoaniel, in groep jongerein dy’t op sneontejûn byinoar komt om toaniel te spyljen, kaam mei 2 goed slagge ymprovisaasjestikken en mei de bekende Sisteract op de planken.

Studint sjoernalistyk Anke Landman fertelde oer har fotografy en liet skitterjende foto’s sjen. Ek hiel nijsgjirrich wie it ferhaal fan Baukje Rypma oer har modellewurk; mei namme de foar- en neidielen fan it fak Model kaam oan de oarder. Se liet skitterjende foto’s sjen wêr’t se glossy opstiet en hast ûnwerkenber wie troch alle make-up en kapsels yn allerhanne stilen.

Wout Zijlstra jr. die in demonstraasje kûgelstjitten. Gelokkich waarden de kûgels opfongen troch syn heit. Der wie ek in prachtich saksofoanoptreden fan mem en dochter Rennie en Maaike de Jager. De famylje Nieboer wie goed fertsjinwurdige, Symke en Tine songen de stjerren fan de himel en suster Wytske dûnse op klassike muzyk.

En as ôfslúter kamen Wietske van der Tol mei har partner Tim nei foaren mei akrobatyske keunsten. Se binne Nederlânsk kampioen acrogym en dat koene je wol sjen. It spatte der fan ôf!

Foar dizze talinteshow hoegden we dit kear net foar de televyzje te sitten. Alle rom 100 besikers sieten ‘live’ yn de útstjoering. De Gerben Rypma Stifting fan Blauhûs sjocht werom nei in tige slagge middei.


Symke Nieboer sjongt ‘You’ll be in my heart’


Dochter en mem, Maaike en Rennie de Jager op saksofoan

Klik hjir foar mear foto's.



 

   
© 2012
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl