hiemsidelinks  
   
de stifting  
Doel fan de Stifting
De stifting hat ta doel
- It bysûndere wurk fan Gerben Rypma bekend en libben hâlden.
- Kulturele aktiviteiten yn de regio stimulearje en mooglik meitsje.

De stifting ûndernimt derom de folgjende aktiviteiten
- It skilder-, teken- en skriuwwurk fan Gerben Rypma ynventarisearje, bewarje en útstalle.
- It organisearjen fan kulturele aktiviteiten sa as in kulturele kuier, musyk-, litereare - en/of tema gearkomsten.
- It útjaan fan fryske literatuer.

Nijsbrief
Ienris yn it jier krije jo as freon/stiper ús Nijsbrief. Hjiryn steane ferslaggen fan ús aktiviteiten, beskriuwings fan keunsttetoanstellings om ús hinne. Pasjende gedichten/siedkerlen fan GR fleurje de tekst op.
Fansels ha de oankundigings fan ús aktiviteiten en tentoanstellings hjir ek in plakje.

Besittingen Gerben Rypma Stifting
• Boeken 'Ik haw myn dreamen hawn en fragen' fersen fan Gerben Rypma. Earste printinge 1965 mei ynlieding fan Jan Tjittes Piebenga. Twadde printinge 1994 mei ynlieding fan Teije Brattinga
• Skilderij 'skûtsjes' ( 80x50cm), restaurearre 2002.
• Akwarel mei kij (25x25)
• 4 Skilderijen Kij tsjerke en skûtsjes krigen fan in Kanadeeske emigrant
• Tekst 'Oan de Brek in Dei' , fan Tsjêbbe Hettinga.
• Skripsje 'de bruorren Johannes en Gerben Rypma' troch Liskje Flapper
• Klisjees fan tekenwurk
• en in rom argyf mei ferskaat
   
© 2012
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl