Nei it súkses fan de Gerben Rypma Tentoanstelling yn ‘e neisimmer fan 1999 is besluten it hjir net by te litten. We wolle mear dwaan mei it wurk en de libbenswize fan dizze bysûndere man.
Jan Tjittes Piebenga: “Wherom soe Sânfurdterryp net it midpunt fan de wrâld wêze kinne? Hwer is it lân sa wiid, de kym sa fier, de himel sa heech as yn it gea om de Aldegeaster Brekken. Dizze krite wie Gerben Rypma syn wrâld. Hjir is er hikke en tein, berne en begroeven, great wurden, âld wurden en wiis wurden. Folle fan de wrâld sjoen hat er yn syn lange libbenstiid (1878 – 1963) net, mar hy hat der licht mear fan sjoen as mannich wrâldreizger.”