Skip to main content

Nei it súkses fan de Gerben Rypma Tentoanstelling yn ‘e neisimmer fan 1999 is besluten it hjir net by te litten. We wolle mear dwaan mei it wurk en de libbenswize fan dizze bysûndere man.

Doel fan de Stifting

De stifting hat ta doel

  • It bysûndere wurk fan Gerben Rypma bekend en libben hâlden.
  • Kulturele aktiviteiten yn de regio stimulearje en mooglik meitsje.

De stifting ûndernimt derom de folgjende aktiviteiten

  • It skilder-, teken- en skriuwwurk fan Gerben Rypma ynventarisearje, bewarje en útstalle.
  • It organisearjen fan kulturele aktiviteiten sa as in kulturele kuier, musyk-, litereare – en/of tema gearkomsten.

Nijsbrief

Ienris yn it jier krije jo as freon/stiper ús Nijsbrief. Hjiryn steane ferslaggen fan ús aktiviteiten, beskriuwings fan keunsttetoanstellings om ús hinne. Pasjende gedichten/siedkerlen fan GR fleurje de tekst op.
Fansels ha de oankundigings fan ús aktiviteiten en tentoanstellings hjir ek in plakje.

Besittingen Gerben Rypma Stifting

  • Boeken ‘Ik haw myn dreamen hawn en fragen’ fersen fan Gerben Rypma. Earste printinge 1965 mei ynlieding fan Jan Tjittes Piebenga. Twadde printinge 1994 mei ynlieding fan Teije Brattinga.
  • Skilderij ‘skûtsjes’ ( 80x50cm), restaurearre 2002.
  • Akwarel mei kij (25×25).
  • 4 Skilderijen Kij tsjerke en skûtsjes krigen fan in Kanadeeske emigrant.
  • Tekst ‘Oan de Brek in Dei’, fan Tsjêbbe Hettinga.
  • Skripsje ‘de bruorren Johannes en Gerben Rypma’ troch Liskje Flapper.
  • Klisjees fan tekenwurk.
  • En in rom argyf mei ferskaat.