Reve Rêve Greonterp
Snein 13 desimber 2009 Sneintemiddei 13 desimber. In gastfrije ûntfangst yn de pastorij foar de meiwurkers. Trije oere, in grôtfolle tsjerke. Alle 425 sitplakken beset, ekstra stuollen yn de sydbeuken. De buorren fol auto’s. De iepening fan pastoar van Ulden twingt respekt ôf. Dan binne der gedichten, foardrachten, lieten, in ynterview, humor, alle talen wurde sprutsen, Frysk Nederlânsk Tukkers Latyn, it haadalter fraai ferljochte, jong talint sjongt en dûnset. Herman Finkers en Gerrit Breteler sjonge in duet. Applaus. Hast fiif oere, it is alwer foarby. Hester tanket alle meiwurkers en dielt Vitus kearsen út. Dan nei de Freonskip, hjir is sigeuner – muzyk en kinne we noflik romsitte.
Mei ‘Reve Rêve Greonterp’ betochten we de jierdei fan folksskriuwer Gerard Reve (1923-2006) dy’t ‘syn moaiste jierren yn Greonterp wenne’ en op dizze wize wer efkes werom kaam.
De organisaasje; Hester Witteveen, Gerrit Breteler en út namme fan de Gerben Rypma Stifting Hille Faber en Sicco Rypma
Hjirby enkele links nei ferslaggen, in filmke en foto's.
Ferslach Kultureel Kuijertocht
Sneon 3 october 2009 De Kot, Westhim, it moaiste, smûkste keamerkafé fan ús provinsje AD 1904. Hjir skowe sneon 3 october fan likernôch healwei ienen ôf de earste dielnimmers oan de kulturele kuijertocht fan de warbere Gerben Rypma Stifting troch de doar...
Ynterview oer Gerben Rypma Snein 18 jannewaris 2009 Ynterview oer Gerben Rypma yn it Omrop Fryslân programma Buro de Vries, snein 18 jannewaris 2009.
Ferslach Midsimmerjoun 2009 Freed 26 juny 2009 Al wer in pear dagen nei 't it sinneljocht dit jier op syn langst oer ús gea skynde, klonken op it kampke lân njonken it Hop mei it lytse smûke tsjerkje fan Sânfurd op 'e eftergroun sêft mar dúdlik de klanken fan sigeunerorkest Zingari. Dizze tûke formaesje wie ynhierd om de muzikale kant fan de Midsimmerjoun, -nacht, hwant der roun it op út, stal to jaen...
De Doarmers - Frijgesel, live yn Noardewyn 24 juny 2009 The Doarmers spylje 'Frijgesel' live yn Noardewyn.
Muzyk: The Doarmers Tekst: Gerben Rypma
Jûn mei Bartle Laverman Freed 29 febrewaris 2009 It kafee 'de Kot' yn Westhim, deunby Blauhûs, is sa ienris yn it jier, (diskear 29 febrewaris) it
'húske fan hâld-oan' foar it bistjûr en de stipers fan de Gerben Rypma Stifting. Foar hwa't net hielendal mei de Stifting op 'e hichte is: it doel is om libben en wurk fan de dichter/skilder Gerben Rypma, silger, yn oantinken to hâlden en dêr sa no en dan publisiteit oan to jaen. It niisneamde kafee is it plak dêr 't de tradisjonele winterlêzing fan it selskip hâlden wurdt...