Leafreid
Hoe glinsterje sêftkes de plommen,
De plommen fan weagjend reid.
Omfette fan slank-blanke blommen;
Sa’t libbenslok wynt om ‘e breid.
Hoe dimmen en hearlik it bloeijen,
It bloeijen fan leafreide plom,
En eartiid it boartsjen en stoeijen
Fan flinters deryn en der om.
Hoe wûnder it reid yn dy talen,
Dy talen geheimen ûntfiert.
En brûze der wijde koralen
As it wyntsje oer de reidharpe giet.
Hoe freonlik it bûgen, it nigen,
It niget oer ’t glimkjende wiet;
Yn mjitte dat dûken en stigen
Op toanen fan reidmoskje liet.
Hoe roaikje de stâltsjes yn dûze
Yn dûze it reidmoskje team…
En widzjende sangen dy’t rûze
Myn bernlike siel yn ‘e dream.
G.R.
Juny
In sé fan waermt en blierkjend ljocht
Fan simersinneskyn
Oerstroomt de wrâld, en alles sinkt
En alles driuwt dêryn.
De weachjes widzje en drjuwe rêd
Yn sparkjend gouden glâns
Oan de iggen fan dy wide sé
By fiere kjimen lâns.
De simmer struit mei mylde hân
It earste blommesied
En freget flyt en wurk en krêft
For jiften dy’t er biedt.
De wurkmans eedle drege krêft
Stiet foar syn tsjinsten ré.
En ’t romme, weagjend raeijefjild
Falt rûzjend oan it swé.
En as de dampend, wurge wrâld
Him deljowt yn de joun,
Dan klinkt it seineharjen fier
As ’t lân syn hertslach roun.
G.R.
Septimber
De dei ferliest, de nacht wint oan,
It sintsje skoarret yn de moarn
En lit it jouns gau sitte.
Wy fiele ’t, wy gean súntsjes wei
De nacht syn ryk temjitte.
De simmer, dy’t yn syn bestjûr
Safolle frege fan natûr,
Dy sil ús hast ferlitte.
Dy freon, hy miende ’t mei és bêst,
Al hat er net sa noflik west
En liet ús skreppe en switte,
Hat lykwols syn ûnthjitten trou
De skatten jown fan greide en bou
It minskdom sa ta’n goede
En jowt foar ’t lêst, noch ear’t er giet,
It hôf fol fruchten fris en swiet,
Ripe yn syn lêste gloede.
G.R.
Sneinsrêst
Yn sêfte dining driuwt de lichte blaugrize kym
Dof okerrea de huzen, riigjend op ‘e hichte.
Mei it bûnte sneinstapyt belein
Foar it sinnefeest, dat hiel it gea fersiert,
Yn stimming fan ‘e snein.
It spitske fan ‘e toer blinkt yn in ljochtstream
machtich hearskjend, in beak,
Winkende ta hoeding tsjin wrâlds ûnrêst
en ferburgen skyn.
It lome fee yn mied en finne,
Bûcht wurch de knibbel nei de grûn fan grien ferwiel.
Fan oatmoed binne de stomme bisten keard
Dêr’t rûn om rêst leit fan it from gemoed
En as in wijling him de ierde bûcht foar de Almacht grut en goed.
De klokken yn ‘e fierte liede, in Amerij.
It jubelliet fan ’t ljurkje swijt.
En hoeden giet de stilte, en tekent hiel syn wei
De seining fan de fromme dei.
G.R.
Ik die net mei
Ik die net mei oan ’t bliid formeits fen oaren,
My hie de freugd de heechste wearde net.
Ho ’n ûnrjocht ha ik dien oan ’t jonge hert,
Om d’ utering fen de libbensnocht to smoaren.
900’k Koe nearne net de rjuchte frede fine,
It dreammen-folle hert wier net foldien.
It hie de sang fen blide jeugd forstien…
En ’t lijde, al liet it net syn leedzje skine.
In stille langstme bleau it jimmer by,
De wjerklank fen de swiete melodij,
Fen ljeafdeliet dat oaren ienkear songen…
Gjin wearstân joech it langer oan dy twang…
It grypte ’t spylark, long’rjend nei de sang…
Mar klage lâd – de snaren wienen sprongen…
G.R.