hiemsidelinks  
   
ferslaggen  
Hjir fine jo ferslaggen fan ús aktiviteiten.

Presintaasje Keunstkalinder 'de Tafel'
Woansdei 4 novimber 2015
(ferslach Henk van der Veer) Unyk kalinderprojekt Gerrit Terpstra en Eppie Dam.
Sa'n 75 besikers kamen woansdeitejûn ôf op de presintaasje fan de keunstkalinder De tafel, in unyk mienskiplik projekt fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra en dichter Eppie Dam. De prachtútjefte is ferskynd bij De Ryp, de útjouwerij fan de Gerben Rypma Stichting. It earste eksimplaar waard yn 'e boekwinkel fan Van der Velde yn Snits troch Hille Faber fan de Gerben Rypma Stichting oerlange oan emeritus predikant Alex van Ligten. Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga holden in koarte ynlieding op it wurk fan Terpstra en Dam. Woansdei waard al bekend dat der in twadde printinge fan de kalinder komme sil.

Lês hjir it folsleine ferslach.
Klik hjir foar foto's.
Klik hjir foar de resinsje fan Aggie vd Meer.


Kulturele Kuiertocht yn It Heidenskip
Sneon 24 oktober 2015
Underweis yn de Oerpolder. Yn 'e miede in lange rige kuijerders, d' iene rint hwat flugger as de oare, dy 't de middeis fan sneon
24 oktober, ienriedich ûnderweis is nei itselde doel, de pleats fan Alle en Janke Kampen yn de Skar yn it Heidenskip. By Bouke Kampen en Marten Groenhof, genamt en omkesizzer fan de chroniqueur-skilder fan It Heidenskip, lâns de Oerpolder yn, sa 't it gea bikend is sûnt it boek fan Hylke Speerstra mei dy namme útkommen is.

Lês hjir foar it hiele ferslach.


Iepening Gerben Rypma Keamer 2015
Klik hjir foar foto's.


Russysk-Fryske jûn
Freed 6 febrewaris 2015
Lês hjir ferslach "Russysk-Fryske joun mei singeliere documentaire".
Klik hjir foar foto's fan dizze jûn.

 

   
© 2012
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl